Teams
Covos Heren 2 wordt gesponsord door:
Covos Heren 2 stelt zich aan u voor:
De manlju fan Covos 2 yn 1 wurd: ‘beleving’
Dit stel artysten soarget alle wiken wer foar spektakel. Nim Klaas, oftewol ‘de Brand’. Hy hat it hiele jier troch koarts, mar meldt him allinne ôf as de koarts boppe de 40 graden is. Dan Tymen. Hy leit mear op de grûn as dat er der op stiet. En as hy in goede bal krijt dan is it raak. Spitich dat der dan ek alle kear wol 2 kante meter foech út de muorre fljocht. Kees, ús oanfierder, hat de toutsjes yn hannen en makket mei syn linkerklau alle tsjinstanders wanhopich. Piet kin alles. Libero of mid en ek op bûten altyd ferrassend, in goede pass, dat dit is de topper fan it team. Koos, bynamme “Monkey”, is in super atleet mei in liif dêr’t alle spilers fan dreame. Hy springt sa heech dat hy – by de oanfal, as hy de bal hiel hurd nei de grûn ta aait – yn ien haal de tsjinstander efkes oan it hier lûkt om dêrnei mei in grutte smile wer del te kommen. Reinder – “Haak” – dy’t ferline jier noch in soad ekstra kilo’s hie, hat dit jier in Dútse moete. Sy moat in lichem ha as in plysjehûn, want Haak weaget no noch mar de helte. Hy springt by fierren it heegst fan de hiele kompetysje, by alle oanfallen tikket hy efkes it plafond oan, wernei’t er yn de weromreis rjochting de grûn de bal fol binnen de 3 meter slacht. Arnold is in foarbyld foar allegear, in sierlike spiler, docht alles perfekt, nimt it publyk foar him yn mei syn laits en feroveret alle frouweherten op de tribune.
Dan noch de lytste fan it fjild en dus de spulferdieler Hendricus. Hy hoecht allinne de bal mar omheech te spyljen mar dat falt noch net ta. Oan syn grutte bek leit it net yn alle gefallen. Trainster Anneke is gelokkich de iennichste serieuze fan it team en in oergryslike fanatikeling. By alle trainingen wurde de manlju drild, sa as by it ynrinnen en ‘rekken en strekken’: 3 minuten as in strykplanke 20 sintimeter boppe de grûn hingje. Wa’t dat net kin, krijt 10 klappen mei de swipe en kin fuortgean.
Dochs komme de manlju alle wiken wer te trainen want se sjogge wol yn dat dizze minskûntearende maatregels harren wol nei it kampioenskip liede. Dat wurdt dan ek minimaal easke troch Gerke fan Buro 360, de sponsor dy’t dêr dan ek in skitterende tsjinprestaasje mei leveret: in dei meisile op syn superjacht “de Gouden Pees”. Wy gean dan ek foar it earste plak!
