Foarwurd |
Wat in put wie it om alles wer rûn te krijen mei teamyndielingen, mei trainingstiden en spyldagen. De TC’s en it bestjoer hawwe it der alle jierren wer drok mei. En fansels heare dêr alle yndividuele winsken by dy’t der alle jierren wer binne. We begripe dy winsken harstikke goed! En tagelyk: we kinne net altyd alles. It is ûnmooglik om elkenien bliid te meitsjen. Sliepeleaze nachten hawwe we der somtiden fan. Dus alfêst foar takom jier in fersyk. Lit ús foaral jim winsken witte. Mar meitsje der gjin easken fan. Winsken sille we besykje om yn te willigjen. Hâlde jim dêr rekken mei? Alfêst tankewol! |
Definitieve CMV indeling 2022-2023
Definitieve jeugd indeling 2022-2023