Soms binne der safolle wurden, mar kinne we de júste wurden net fine en binne wy stil.
Oandien en fertrietlik binne wy troch it ferstjerren fan ús bestjoerslid en spylster
Talitha Dijkstra – Jagersma
Frou fan Tymen út Heren 2
Mem fan Fianne út B1
Mem fan Sanne-Frouk út C2
Mar ek mem fan Dian, Jannieke, Alien en Bauke-Jan
Wat wie se posityf en wat wie se sterk.
Nei al die jierren fan siikwêzen noch sa oertsjûge om de sykte te oerwinnen.
Se follybalde en keatste sels wer en bleau har ynsetten foar it bestjoer fan Covos om de CMV te koördinearjeen.
Ferline wike wie se noch yn de sporthal om by it follybal te sjen en dat jout wol oan hoe sterk en posityf at se wie.
Yn oerlis mei de famylje is der beslúten it follybal trochgean te litten it kommende wykein.
We kinne it har sa sizzen heare: “Der moat gewoan follybald wurde!” Fansels foar elts team en spyljend lid de romte om wol as net te baljen.
Foar eltse wedstriid sil der sneon 1 minuut stilte wêze en yn de kantine in plakje foar Talitha foar elts om efkes stil te stean by dit grutte ferlies.
Foar eltsenien in protte sterkte tawinske en Talitha, we sille dy misse.
Bestjoer Covos